Verhuisd



Let op: Neder-L is verhuisd naar www.neerlandistiek.nl

woensdag 6 januari 2016

Wat wurdt it nijswurd fan 2015?

Hokker wurd út de Frysktalige nijsberjochten fan 2015 is sa typearjend, moai of bysûnder dat it net fergetten wurde mei? Wy ha in stikmannich wurden út it ferline jier útsocht. Jou oan hokker wurd oft neffens jo perfoarst yn gebrûk bliuwe moat. Jo kinne ek as reaksje ûnder dit berjocht in eigen suggestje dwaan foar in nijswurd fan 2015.

Op 15 jannewaris wurdt de winner buorkundich makke.

Klik hjir om jo foarkar oan te jaan.


allahû kwakbar
gjalp om moslimterroristen de gek oan te stekken, brûkt yn foto’s fan posearjende terroristen dêr’t badeintsjes yn fotoshopt binne
antypitermannen
minsken dy’t demonstrearren tsjin de figuer Swarte Pyt as helper fan Sinteklaas
foarkarswurdlist
nije namme fan wat earder de ‘standertwurdlist’ of ‘it Fryske Griene Boekje’ neaamd waard: in list fan Fryske wurden yn de nije Steatestavering fan 2015
gimear
persoan dy’t ûntstien is troch it fergroeien fan twa twillingen en dy’t dêrtroch genetysk materiaal fan twa yndividuen hat
grút
ferfrysking fan ‘grexit’, it oergean fan Grikelân op in oar betelmiddel as de euro, betocht foar de rubryk ‘Nij Frysk Wurdboek’ yn de Ljouwerter Krante
ierdskokskea
skea oan gebouwen yn de provinsje Grinslân troch gaswinning
korantrochspieler
bynamme fan in Afgaanske man dy’t yn Dútslân bedrige waard nei’t er by in rúzje in koran troch it húske spield hie
ôfhechtsjen
ferfrysking fan de term ‘secessión’, dy’t foarstanners fan ‘e Katalaanske ûnôfhinklikheid brûke om de gebrûkliker mar beladen term ‘ôfskieding’ te mijen
sjammeloek
badjas of keamerjas, wer bekend wurden troch de populêre televyzjesearje ‘Praat mar Frysk’ fan Afûk en Omrop Fryslân, letter taljochte troch taalkommentatrise Anne Marije Bloem
sjoernaalkaper
bynamme fan Tarek Z., de jongfeint dy’t yn jannewaris personiel fan de NOS-studio bedrige en stjoertiid yn it NOS-sjoernaal easke
skamhiertransplantaasje
trend yn Azië om hier fan ‘e holle nei it ûnderliif transplantearje te litten
taalstaking
aksje fan it Ierske europarlemintslid Liadh Ní Riada foar it Iersk yn offisjele gearkomsten trije wike lang allinne dy taal mar brûkte
wrâldhoflikheid
ferfrysking fan de term ‘global civility’, dy’t brûkt waard yn in petysje fan hûnderttûzen moslims, dêr’t se it Britske regear yn oprôpen om spotprinten fan de profeet Mohammed te ferbieden

Klik hjir om jo foarkar oan te jaan.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen

Opmerking: alleen leden van deze blog kunnen een reactie plaatsen.